augustus 14, 2020
fan Evelyn De Morgan*
Kassandra, dochter fan de foarst
fan Troje, dy’t foarsei
it ûnheil dat de stêd oerkomme
soe, har libben stie ek faai.
Apollo joech har ’t sjennerseach
as sy har oan him joech,
sy hat al gau ’t ûnthjit ferbrutsen,
goaide ’t oer in oare boech.
De god wie poer, har profesy
kaam op it folk net oer,
har straf hat Troje falle litten
troch it hynder, ’t lot wie soer.
Kassandra kaam as oarlochsbút
oan Agamemnon ta,
dy twa soe ’t ûnheil ek oerkomme:
Hades woe har samar ha.
* Evelyn De Morgan (1855-1919)
Skilderij ‘Kassandra’
augustus 13, 2020
fan Kuzma Petrov-Vodkin*
De reade flagge gie op kop,
dêrachter swaaiden reade bannen,
sa marsjearre ’t leger oer
de hichten, troch bedeltes,
fan alle lannen oan de top.
De kommissaris wie derby
om ’t ideaal topheech te hâlden
foar de boarger en de boer:
‘Sjedêr de Sovjet-helden,
marsjearjend foar de maatskippij!’
Fansels hie hy ek in gewear
om as it moast mei skerp te sjitten;
oan it leger joech er stjoer
mei wurden fan de lieder,
dêr skeat er ek mei, kear op kear.
De kommissaris wie ynein
en koe it leger net mear folgje,
siigde yninoar, ’t wie oer
mei ’t sjitten út ’e mûle,
hy wie troch ’t eigen folk ferslein.
* Kuzma Petrov-Vodkin (1878-1939)
Skilderij ‘De dea fan de kommissaris’