Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Oanslach op de ierde

Polityk

fan ûnbekend*

Wat kin de ierde noch ferneare
fan de lieders op ’e wrâld
dy’t skuldich binne oan belied
dat útrint op al wer in swiere slach…
wa kin it needlot dan noch keare?

De ierde skoddet fan it lijen,
slacht werom, ’t lit him net kâld
en spuit syn fjoer de hichte yn,
de lieders redendiele oer’ t bedrach,
it sljochte folk kin útkeard krije.

De ierde kin net langer drage
wat it minskdom dwaande hâldt:
it eigen ego yn ’t bestean
op grûn fan neoliberaal gesach,
wat útrint op ’e lêste dagen.

Yllustraasje ‘Ierde’

admin

Libjende monoliten

Lyrysk Deiboek


Der wiene noch gjin drones
dy’t bommen falle litte
dat gjin stien mear sitten bliuwt,
wat minskehannen meitsje,
komt mei ien klap del,
mar sy ha doe wol switten.

Swier is in monolyt,
noch swierder as de bommen
dy’t ferniele alles wat
de minskehannen meitsje,
dy’t losreitsje fan
de lichems dy’t delkomme.

De lichems fan de lju
dy’t krom stien ha fan ’t lûken
oan de swiere monolyt,
ha troch de tiden hinne
libje litten wat
der skreaun is yn de boeken.


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum