december 12, 2020
fan ûnbekend*
Wol harkje nei myn wize rie,
dy’t dy beskermet tsjin gefaar,
dat soms fan alle kanten komt.
Graaf net in kûle foar de oar,
do silst dan sjen, it rint faak raar
yn ’t libben, want sels falst deryn.
Brek sûnder soarch gjin muorre ôf,
do komst miskien in slang tenei,
dy stekt syn giftosk troch dyn hûd.
Wês hoeden mei it brekken fan
de stien , it libben is al faai
genôch, kap ek mei soarch it hout.
As ’t izer te let slipe wurdt,
hasto it dreger yn de macht,
it ark dat stomp is, makkest skerp.
Lit hannen dan it wurk mar dwaan
en nim dêrby de soarch yn acht,
de wize nimt gjin risiko.
* Yllustraasje ‘Fjoer’
december 11, 2020
fan Albrecht Dürer*
Lit dy frouwen razend dûnsje,
want dan binne se op dreef,
gjinien mei harren imitearje,
skeld sa’n frou net út foar teef.
Dionysos lit har dûnsje,
god fan orgyen mei drank
en mear noch, net te permittearjen,
harkje net, falsk is de klank.
Panterfellen om de skouders,
yn gewaden oant de grûn,
sa ha sy oaren wreed tamtearre,
mei de stêf de klappen jûn.
Orpheus skuorden se yn stikken,
om’t er harren bûtensleat,
dus lit dy frouwen razend dûnsje,
moard op oaren wurdt dan neat.
* Albrecht Dürer (1471-1528)
Yllustraasje ‘De dea fan Orpheus’