mei 13, 2024
fan Carel Willink*
De bylden sprieken him wol oan,
hoewol’t it meunsters wiene
dy’t ferwiisden nei wat komme soe,
hy hold wol fan antyk,
mar moast dochs fierder rinne,
want de tiid joech gjin ûntwyk.
It rûn fan pake, heit nei soan,
hy koe net stilstean bliuwe
by ’t ferline mei de bylden fan
de mem en ‘t bern fan stien,
hy moast wol fierder rinne,
want dy tiid wie dochs fergien?
Him kaam de takomst fjurrich oan
mei meunsterlike wolken
dêr’t de wrâld fan pake nei ferwiisd
hie, heit hie dus gelyk,
hy moast der wol trochhinne,
want de tiid joech gjin ûntwyk.
* Carel Willink (1900-1983)
Skilderij ‘Nei de takomst’
mei 12, 2024
fan ûnbekend*
Ezechiël
Minskesoan, hast wol fernommen
dat it folk it oer dy hat?
It praat giet by de doarren lâns
om út en troch by dy te kommen.
Yn in kloft sjochsto har kommen,
sittend harkje sy nei dy
as wiene sy myn folk dat trou
is oan myn Wurd, sabeare frommen.
Elkenien heart nei dyn wurden,
mar gjinien docht watsto seist,
ast har sa hearst, dan bart dat wol,
mar har bestean is al ferwurde.
Foar dat folk bisto in sjonger
by de lier, dyn leafdesliet
klinkt moai, mar nimmen docht dêrnei,
nei ’t wiere Wurd ha sy gjin honger.
* Yllustraasje ‘Lierspiler’