Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Wrâldbank

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

De wrâld soe wêze in gehiel,
him spegeljend oan it hielal
mei stjerren en planeten:
elke lieder as in stjer,
it folk as mannichfâldich diel.

De wrâld yn oarloch, diel nei diel
waard konfrontearre mei geweld,
de stjerren en planeten
rekken jierren út har baan…
wat soarge wer foar in gehiel?

Wat net mear rjocht stie, moast oerein
mei jild dat wrâldwiid útstruid waard:
de Wrâldbank mei syn stjerren
waard de spegel foar de groei,
mar wie dêrmei de grûnslach lein
foar frede yn de wrâld as in gehiel?

* Foto ‘Wrâldbank’

admin

Wylde hearsker

Polityk

fan ûnbekend

Mei har fjouweren sil ’t heve,
wat wol moast fan ’t frije folk
fan rjochts dat foarrang easket;
al is de rydstyl ek ekstreem
en wurde sebrapaden wyt,
sadat it swarte folk ûnfeilich rint,
mei hûnderttritich wurdt der riden.

Lit de wylde no mar hearskje,
de boeren jarje út ’e kolk,
it sicht wurdt justjes rommer,
al is ’t kontrakt net hiel sosjaal
en ’t liberale swart noch wyt,
sadat praktyk it fan prinsipes wint,
it folk belibbet rûge tiden.

Mei de wyn út fjouwer hoeken
stekt in stoarm op, wolk nei wolk
fertsjusteret de himel,
’t klimaat feroaret nei ekstreem,
in swarte weach rint oer it wyt
fan wylde hearsker dy’t gjin ramp ûntrint,
’t rampsillich folk bliuwt net fansiden.

* Foto ‘Tongerloft’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum