april 5, 2021
Gjin maitiid sûnder ’t hagelwyt
fan blommen oan de tûken
op in hjitte dei útbrutsen,
foar it winterfolk noch ûnferwachts,
mar ’t koe dy omslach brûke.
It kaam nei bûten yn it wyt
fan t-shirt, sels dêr sûnder,
’t folk hie mei de winter brutsen,
gie de maitiid yn as hie it macht
oer ’t waar, it is gjin wûnder…
… foar ’t minskdom dat de tiid ferstiet
fan alles wat keunstmjittich
op te wekken is, de hjitte
likegoed as letter it klimaat,
want alles kin men mjitte.
Sjedêr, de loft wurdt hagelwyt
fan snie, dy’t út it noarden
wisket, inkeld te foarsizzen
is en fierder giet nei ’t eigen aard,
oan ’t folk kin it net lizze.
april 4, 2021
fan ûnbekend*
Franz Kafka koe de ein net helje
fan syn ideaal: hjir bin ik ek
mei myn gefoelens yn de maatskippij
dy’t ûnpersoanlik is mei party regels…
sa wurdt men fersliten foar in gek.
Lit my jim dêrom mar ferhelje
fan in merje yn de neare nacht,
dy’t fjouweret oer myn benaud bestean,
beplakt mei allerhande swarte segels…
sa wurdt men in middel fan de macht.
Ik moat mei sûnens no betelje,
want sykhelje kin ik amper mear
troch alle regels fan de maatskippij,
persoanlik binne alle ûnheils-rigels…
kafkaësk, it kaam my op it sear.
* Foto ‘Franz Kafka’