april 24, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
De ierde leit der treurich hinne,
want de hiele wrâld ferkwynt,
it minskdom hat de grûn ferwâde,
Gods oarderingen skeind,
der bliuwt neat oer wat noch ferbynt.
De Heare spjalt de ierde iepen,
dat de hiele wrâld wurdt leech,
yn ’t minskdom bliuwt neat by it âlde,
it wurdt net langer heind,
it folk fersillet, hat it dreech.
God keart de ierde ûnderst boppe,
folk en pryster treffe ’t lot,
itselde jildt foar hear en slaven,
slavinnen en har frou,
sy wâden oer de wet fan God.
Yllustraasje ‘Fernielde ierde’
april 23, 2021
fan ûnbekend*
Al yn de búk fan harren mem
befochten sy elkoar:
de twaling sloech der samar op,
de iene koe net oer de oar.
Earst giene beide út elkoar,
om’t Proitos ferlear
de striid om kenings troan en kroan,
hy wûn in frou, mar easke mear.
Hy kriich in part fan heit syn ryk,
ferlear lykwols syn frou
ek foar in part, ’t wie oan in gast,
dy kaam ûnskuldich yn it nau.
Wer libbe op de bruorrestriid,
mei Proitos wie ’t dien;
doe’t hy de twadde kear ferlear,
feroare hy yn hurde stien.
* Postsegel ‘Proitos’