april 26, 2021
It skaad kroep moannen oer de grûn
lykas in slang dy’t ûnferwachts
tabite kin om gif te spuitsjen…
wa of wat bliuwt dan noch sûn?
It minskdom hie gjin wjerstân mear,
it gif kroep fierder deis en nachts,
de mienskip koe nei ’t sjongen fluitsje,
’t poadium ferlear syn sfear.
Mar einlings krûpt it skaad werom,
de wite bloei brekt folop út,
de sinne kleuret it teater…
wa of wat bliuwt dan noch stom?
It minskdom sjongt wer op ’e toan
fan earder, want de mienskip slút
gjin minske út, fuort is de hater
fan wat komt op romte oan.
april 25, 2021
fan ûnbekend*
It klinkt as ’t skot fan in gewear,
de namme fan de Ku Klux Klan;
it uterlik hat wat fan spûken
dy’t oer strjitte paradearje,
sa de oandacht lûke.
It lêste skot fan it gewear
hie klonken: ’t startskot fan de Klan
as blank protest tsjin alle swarten
dy’t as slaven wrotten hiene…
op ’e nij wer koarte.
De Ku Klux Klan kaam yn ’t gewear
tsjin swarte, kleurling, katolyk
en kommunist, ek ymmigranten
wiene yn har lân net wolkom…
haat nei alle kanten.
Op ’t hichtepunt, doe wiene mear
as fjirtichtûzen op ’t kongres,
de djipte wie de arrestaasje
fan de lieder nei ferkrêfting…
sjittend út ’e graasje.
Foto ‘Ku Klux Klan parade yn Washington’