Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Hongerwinter en -simmer

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Wat is gewoaner as in miel
dat elke dei op tafel stiet
en soarget foar in folle mage,
jout oan ’t lichem enerzjy,
sa komt men troch de dagen.

In oarloch is útsûnderlik;
behalve dat geweld it wint
fan rêstich deljaan troch de dagen
hinne, spilet honger ek
faak op, rop fan de mage.

De honger hold dy winter oan,
besetting liet gjin bôle troch,
sadat de dea troch Hollân ware;
mei de kjeld sleat dy in deal,
men rûn sa twa gefaren.

De honger wreidet him hjoed út
troch oarloch yn it lân fan nôt,
dat net berikt de hjitte lannen,
dêr’t ferskroeit wat siedde wurdt,
de dea past oan syn plannen.

* Foto ‘Hongerwinter 1944/1945’
** Foto ‘Honger troch drûchte’

admin

Oardiel oer Israel

Polityk

fan ûnbekend*

Gjin folk dat leaut as Israel
de iuwen troch yn mar Ien Rjochter,
heech ferheven op ’e rjochterstoel,
it jout him nei syn útspraak del.

De Rjochter sprekt dat folk faak oan
mei frijspraak of mei ’t strange fonnis
fan de jierren troch yn ballingskip,
heech siet de Rjochter op syn troan.

It folk striidt hjoed de dei mei fjoer
moarddiedich tsjin de Palestinen,
ballingen yn ’t eigen brutsen lân,
de Rjochter slacht it diskear oer.

Mar net de rjochters yn De Haach,
dy’t har oer Israel útsprekke
as de naasje mei ekstreem geweld…
bekeart dit folk him, bliuwt de fraach.

It is de fraach oft Israel
noch leaut yn ’t fonnis fan ien Rjochter
of beset it sels de rjochterstoel
en sleept it noch mear nei de hel?

* Foto ‘Fredespaleis’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum