Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Procne en Philomela

Mytebylden

fan Peter Paul Rubens*

Procne en Philomela,
dy susters bleauwen elkoar trou,
sy flechten foar Tereus
as sweltsje en as gealtsje,
want sy kamen yn it nau.

Procne, troud mei held Tereus,
sy krigen Itys as de soan
dy’t foar syn heit ta miel waard,
wat hy net yn de gaten
hie, foar him wie it bedoarn.

Mem en tante namen wraak,
om’t hy Philomela tenei
kaam, sa waard Itys iten;
om’t sy Tereus haten,
naam de dea it soantsje wei.

Procne en Philomela,
dy susters giene op ’e flecht
as sweltsje en as gealtsje;
dy fûgels koene sjonge…
wat klonk falsk en wat wie echt?

* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘Tereus wurdt konfrontearre
mei de holle fan soan Itys’

admin

Jaloerske katten

Keunst

fan Francisco José de Goya*

Dêr stiet er, fjouwer jier, en baas
oer dieren om him hinne,
beuker noch, wat is him oan te sjen,
de eagen rjochte op syn wrâld,
hy is noch altyd bern.

De ekster is leafst eigen baas,
moat oan it toutsje rinne
fan de lytse Manuel, dy’t him
net fleane lit, al is er âld
genôch foar heger klim…

… as fûgels, finzen yn de kou,
dy’t inkeld wjukje kinne
by de traaljes op… fan ‘lit ús frij
mei ’t each op folle heger flecht
of is dy kâns foarby?’

De katten wachtsje op har kâns,
jaloersk op dizze ekster
dy’t tafallich ek Francisco hjit…
wat is tafallich en wat echt?
Goya wit hoe’t it sit.

* Francisco José de Goya (1746-1828)
Skilderij ‘Manuel Osorio’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum