augustus 23, 2024
fan ûnbekend*
Rin mei troch Ubud dêr’t kultuer
oeral foar master opslacht,
dirigearjend de toerist
fan galerijen nei musea…
de fraach is wat er mist.
Rin Ubud út, de strjitte giet
dan oer op ’t paad de hichte
yn, de rêst fan de natoer
sprekt oan mei ’t liet fan griene fjilden,
de stilte is net djoer.
De hichte tilt it libben op,
fier boppe de matearje
út, lykas in fûgel fljocht
oer dizze mikrokosmos hinne…
it mist net wat er sjocht.
* Foto ‘Ubud op Bali, Yndonesië’
augustus 22, 2024
fan Thomas Gainsborough*
De blêden rûzje op ’e wyn,
wylst Tom de hûn de frijheid hat
om earst te drinken, dan te draven
op ’e siik nei wat nijsgjirrich is:
in kikkert, mol of knyn.
Sy sitte, steane stiif yn klean
dy’t gaadlik binne foar ’t portret
en troch de moade foarskreaun wurde;
heit syn skilderstyl is neat mis mei,
sy moatte dêrfoar gean.
Mar leaver gean sy as de hûn
op ûndersyk nei wat har boeit:
de flinters dy’t yn frijheid fleane
op ’e siik nei kleuren, blom nei blom,
net oan de moade bûn.
* Thomas Gainsborough (1727-1788)
Skilderij ‘De húshâlding fan de keunstner’
Skilderij ‘De dochters fan de skilder
fange in flinter’