Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Nei lijen befrijing

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

As wjerljocht is it fjoer fan God,
as tonger klinkt syn stim,
want sa sprekt Hy de fijân oan,
’t is foar Assyrië in slach,
dit lân hat it by Him bedoarn.

De steapel lôget fan de brân,
fertard wurdt sa de foarst,
dy’t earder sloech mei wrede hân;
de azem fan de Hear is sterk
en boazet fûl de flammen oan.

Jeruzalem fiert dêrom feest,
lykas yn earder tiid,
de stêd is troch de Hear befrijd
en stapt op ’t lûd fan de skalmei
de berch op, dêr’t gjinien mear lijt.

* Foto ‘Berch Moria’

admin

Pyramos en Thisbe

Mytebylden

fan Abraham Daniëlsz. Hondius*

Lit bloed net liede ta de die
dy’t ûnomkearber is:
de dea fan Pyramos en Thisbe,
dy’t fereale wiene op elkoar,
by de moerbeibeam gie ’t mis.

De âlders wiene tsjin kontakt,
dus by de moerbeibeam
soe Pyramos syn Thisbe moetsje,
want dêr wie de wite frucht goed foar:
ljochte takomst as in dream.

Doe’t Thisbe by de beam oankaam,
seach sy in liuw dy’t bloed
hie oan de bek en wylst sy flechte,
rekke sy har wale kwyt, dy’t read
waard, wat brocht har freon yn noed.

Doe’t Pyramos de wale seach,
wie hy folslein ferslein,
want Thisbe wie der net, hy pakte
’t swurd, ’t gie by de moerbeibeam ferkeard,
Pyramos kaam oan syn ein.

De die dy’t ûnomkearber wie,
hat Thisbe’s wil net keard,
se liet har yn syn wapen falle,
ûnomkearber by de moerbeibeam,
wite fruchten kleuren read.

* Abraham Daniëlsz. Hondius (1625/1630-nei 1695)
Skilderij ‘Pyramos en Thisbe’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum