juni 13, 2021
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
De namme klinkt lykas muzyk,
dêr’t men mei nocht op dûnsje kin:
Rudolf Valentino
fantasearre al as bern,
hy woe op skoalle net omlyk.
Hy reizge nei Amearika,
it lân fan stadichoan omheech:
boardewasker, túnman,
dûnser, ’t like as er fleach
as fûgel nei it heechste ta.
It folk rûn mei de filmstjer wei,
al joech er op it doek gjin lûd,
Rudolf Valentino’s
byld spriek oan en jage ’t bloed
op, wat oer him it measte sei.
Net alles is dêrmei al sein,
want bûtensletten wie de dea:
Rudolf Valentino
hie in krupsje yn de lea,
al jong kaam hy sa oan syn ein.
* Foto ‘Rudolf Valentino’
** Foto ‘Rudolf Valentino as filmstjer’
juni 12, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
As in liuw, sa is de Hear,
hy grommet oer syn bút
en wurdt net bang wannear’t frjemd folk
tsjin him optromme wurdt,
hy feroaret net om har gebear,
berch Sion sjocht nei syn befrijing út.
As in fûgel is de Hear,
hy wjukket boppe ’t nêst
mei jongen, sa hâldt Hy syn skyld
heech foar Jeruzalem,
rêdt de stêd, bringt yn it lot in kear
fan Sions berch, by Him stiet it foarfêst.
* Foto ‘Liuw’