juni 17, 2021
fan Vasili Andrejevitsj Tropinin*
Ik wit krekt wat it is:
net baas oer ’t eigen liif
te wêzen, foar in oar oan ’t wurk,
dei út dei yn foar ’t deistich brea,
foar ’t bestean gjin wike wis.
Ik wit no wat ik mis:
de rêst, want ik ha ’t liif
foar altyd krigen foar mysels,
dei út dei yn bin ik oan ’t wurk,
wat foar ’t brea net nedich is.
Sy mist har frijheid ek,
har fingers wurde stiif
fan alle dagen op en del,
it goud is foar de hegerein,
dy’t sy pript by elke stek.
* Vasili Andrejevitsj Tropinin (1776-1857)
Skilderij ‘Goudstikster’
juni 16, 2021
fan Arent de Gelder*
Jesaja
Der komt in tiid fan in regear
fan kening en bestjoerders
dat it rjocht yn acht nimt foar it folk,
de takomst ljochtet klear.
Dan jout de kening foar it folk
beskutting yn it stoarmjen,
biedt in skûlplak foar de stjalprein oan,
dy’t foarmet kolk nei kolk.
De foarst is as in wetterloop
dy’t rint troch toarre oarden,
as in mânske rots foar ’t koele skaad,
nei wanhoop is der hoop.
De eagen sille dan skerp sjen,
de earen binne iepen,
wa’t problemen hat yn it petear,
foar him giet neat ferlern.
* Arent de Gelder (1645-1727)
Skilderij ‘Kening David’