juni 19, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Wa’t wol en wa’t net doocht,
is oan it dwaan en litten
maklik ôf te lêzen:
de dogeneat doocht net,
de ealman mei der wêze.
De dogeneat syn hert
briedt oer it dwaan en litten,
lit de earme rinne
mei honger yn de hals,
wa’t toarst hat, stjoert er hinne.
Dy smjunt betinkt in plan
om lytse lju te bringen
yn it djipste lijen,
begjinnend mei falsk praat…
wa kin syn rjocht noch krije?
De ealman is der foar
de earmen dêr te bringen
wêr’t har rjochten binne:
genôch om te bestean,
dat sy oplibje kinne.
* Yllustraasje ‘Dogeneat’
juni 18, 2021
fan André Corneille Lens*
Regulus, Romein fan striid en wurd,
fan winne en ferlieze,
ek syn libben yn in spikertonne;
yn Kartago kaam er yn de sel,
dêr koed er foar it libben kieze.
Stridend tsjin Kartago wûn er slach
nei slach, mar net de frede,
op it lêst soe hy de striid ferlieze,
ek syn frijheid yn Kartago’s sel,
dêr koed er kieze mei twa eden.
Mei eed ien ûnthiet er dat yn plak
fan him in tal Romeinen
kaam telâne yn Kartago’s sellen;
slagge ’t net, dan gong er sels werom
en seach er nea wer Romes pleinen.
Oan eed twa ferbûn er trou de died:
hy waard de sel yn smiten,
kaam telâne yn in spikertonne;
Regulus, Romein fan striid en wurd,
koe nimmen syn ferlies ferwite.
* André Corneille Lens (1739-1822)
Skilderij ‘Regulus giet werom nei Kartago’