juli 1, 2021
fan Robert Gwelo Goodman*
It goud leit net yn Ingelân,
dus lit ús gean nei Afrika
om dêr it op te djipjen;
stek de beammen yn de brân
om dêr in goudmyn op te bouwen.
Wy stjoere swarten yn de grûn,
sy witte fan gjin kleurferskil
en ha har net ferdjippe
yn hoe hâlde wy it sûn,
sy kinne op ús myn fertrouwe.
Wat boppe komt, is wol fertroud
yn hannen fan de kolonist,
dy’t djipper dolt as swarten
mei syn geast fan suver goud…
in grut ferskil mei smoarge klauwen.
* Robert Gwelo Goodman (1871-1939)
Skilderij ‘De goudmyn fan New Gogh’
juni 30, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Al bisto sels noch net fernield,
dyn tiid sil noch wol komme,
al bisto sels noch net ferret,
wis silsto troch ferrie omkomme,
want de Heare sparret jimme net.
De folken fleane op ’e flecht
foar bolderjende lûden
dy’t oer har komme fan de Hear,
de naasjes stowe troch de tonger
útinoar, gjin fijân driget mear.
Heech is de Heare, Sion krijt
it kleare rjocht foar eagen,
sadat der rêst komt oer it lân,
de minsken fine ’t heil troch wiis te
wurden, mei ûntsach yn hecht ferbân.
* Foto ‘Berch Sion’