Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Sabynske fammen

Mytebylden

fan Jacques-Louis David*

De need koe wurde ta in ramp,
want Rome kampte mei ’t probleem
fan in tekoart oan fammen;
manlju hiene amper kar,
se pakten tagelyk deselde beet.

Foarst Romulus joech doe in feest
mei fammen fan it plattelân,
ek dy fan de Sabinen;
Romes manlju skeinden har,
se spilen tagelyk itselde beest.

Sabynske faam joech oan Romein
de leafde fan it plattelân,
lykas in beest waard berne
’t iene nei it oare bern,
it wie in feestlik barren sûnder ein.

Sabynske striders sloegen ta,
twa kampen fochten yn de stêd,
dêr’t froulju tusken kamen;
oarloch hie de striid ferlern,
de frede moast it fan de froulju ha.

* Jacques-Louis David (1748-1825)
Skilderij ‘Sabynske froulju tusken
de stridende partijen’

admin

Feroare

Keunst

fan Jacob Backer*

Hy wie noch jong, hie krollich hier
en brune eagen dy’t fier seagen,
lippen meastal faninoar
foar praatsjes rûnom hinne,
ek om yn te nimmen drank of bier.

In folle flesse gie deryn
yn lege oeren, ’t wie gjin leagen;
meastal kriich er ’t foar elkoar
om noch rjochtop te rinnen,
mar ferrek, der siet gjin drip mear yn.

Doe’t hy al âld wie, mei ’t hier griis
en eagen dy’t hast neat mear seagen,
mei de lippen opinoar,
wat soe er oars noch kinne
as himsels te sjen, tichtby… en wiis?

* Jacob Backer (1608/1609-1651)
Skilderij ‘De drinker’
Skilderij ‘Alde man mei spegeldiggel’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum