Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Gouden Bibelwurd

Keunst

fan Rembrandt

As reder wist er fan de wrâld
hoe’t it dêr faak rydt en fart
mei ’t kapitaal as koers:
goud streamde nei syn wente,
dat hy kriich syn blinkend part.

It Wurd blonk ek, liet him net kâld,
hy ferdjippe him dêryn,
hold sa in fêste koers
foar him en syn gemeente,
beide sylden foar de wyn.

Thús wie de Bibel ek it sâlt
dat gaadlik wie foar harren siel,
want sûnder koe it net;
hy liet syn Aaltsje priuwe,
dat sy kriich har eigen part.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Portret fan Cornelis Anslo
en Aeltje Schouten’
 

admin

Lofliet fan Darius

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Daniël kaam út ’e kûle wei,
gjin kwea hie hy de kening oandien,
syn fijannen him lykwols wol,
sy waarden yn de kûle smiten,
de lilke liuwen rêden har dêrmei.

Fan de kening gie in skriuwen út
nei alle naasjes op ’e ierde:
‘Mei ’t jimme hieltyd better gean
as elk him hâldt oan dizze oarder:
Ha ûntsach foar God en syn beslút,
Hy besleat oer Daniëls bestean,
de liuwen ha him libje litten,
Gods hearskippij hâldt ivich stân,
syn wûnders barre op ’e ierde,
oan de himel sjocht men tekens stean.’

Yllustraasje ‘Kening Darius’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum