juli 19, 2021
Twa reade ljochten litte witte:
de brêgewachter is noch net paraat,
it wippen sit der earst net yn,
dêr kin de reager net mei sitte.
De reager is betûft yn wippen:
’t gie út ’e lichte nei it remmingswurk
foar útsicht alle kanten út
om wach te wêzen op ’e skippen.
Gjin skipper hoecht dan noch te blazen,
want troch de snaffel komt in skelle skreau,
dat beide ljochten dôvje út,
de brêge wipt lykas in hazze.
De reager lit it Snits sa witte
dat hy reserve-brêgewachter is,
soms sjit syn snaffel ’t wetter yn,
it fiskjen kin er ek net litte.
juli 18, 2021
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Fan Kanadees nei ek Sinees,
syn waarme hert wie rom genôch
foar minsken rûnom op ’e wrâld,
fan prehistoarje nei syn tiid,
hy wie in warber mins.
Black seach de wrâld net yn swart-wyt,
giel ljochte ek noch foar him op,
Sinezen lieten him net kâld;
fossilen fûn er yn har grûn…
de minske stjert en slyt.
Twa kiezzen kamen foar it ljocht,
foar ’t ûndersyk wie dat genôch
om fêst te stellen: hiel lang lyn
bestie der al in Peking-mins,
dy’t kôge, mar ek tocht.
It hert fan Black waard al te rom
troch ’t dollen yn Sineeske grûn,
advizen sloech er yn de wyn
en doe’t it briek, waard hy stienkâld,
syn eigen tiid wie om.
* Foto ‘Davidson Black’
** Ut ‘Davidson Black papers’