Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Gefoelige reager

Lyrysk Deiboek


Watfoar gefoel him pleaget
no’t de nekke yn de fearren leit,
kin nimmen noch bedjipje;
mei in lege mage stiet er heech,
wat neat oer syn emoasje seit.

Hy stiet net op it stellen
fan de aaien út ’e lege koer,
te let is hy ek foar de
piken, wat syn grutskens nochal heech
sit, boppedat wiist neat op foer…

… dat foar ’t gefoel goed eaget,
gaadlik foar syn lege mage is,
fan deade fisk kin hy wol
koarje, hat fan ’t sicht de mage fol,
gefoelens meitsje him ûnwis.

admin

Alexander Fleming

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Baktearjes op ’e buorkerij,
ûnsichtber, net te tellen,
Alexander wist hoefolle kij
der wiene om te melken.

Foar sike kij in medisyn,
it gie ek op foar minsken,
Alexander seach ’t belang wol yn
fan ’t deadzjen fan baktearjes.

Soldaten rekken út ’e striid
mei wûnen, troch ynfeksjes
rekke mannichien ek út ’e tiid,
sa wûnen de baktearjes.

Mar Alexander kriich de kâns
om wrâldwiid te genêzen
mei in skimmel, stridend foar balâns,
de dea fan de baktearjes.

Lit Alexander nei syn dea
de deastek jaan oan ’t firus,
dat him oer de wrâld ferspriedt as ea
tefoaren de baktearjes.

Foto ‘Alexander Fleming’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum