juni 8, 2024
fan ûnbekend
Wy binne rjochts en radikaal
fan Nederlân oant Hongarije,
litte ús prinsipe sjen:
eigen folk komt op it earste plak,
it oare folk moat him mar rêde,
dit is in bekend ferhaal.
Wolnee, wy binne Hitler net
en hawwe neat mei Mussolini,
nettsjinsteande ús ferhaal
fan it eigen folk op nûmer ien,
om ús kin ’t oare folk wol stikke
neffens in bekende wet.
Jawis, Europa kieze wy
as útgongspunt fan ’t radikale
stribjen: foarrang foar ús rjocht
om as eigen folk ús slach te slaan
lykas de hearskers yn ’t ferline
diene, neat dêroan is nij.
* Foto ‘Skeinde flagge fan de EU’
juni 7, 2024
fan ûnbekend*
fan Gustave Doré**
Ezechiël
De Heare lei de hân op my
en troch syn Geast kaam ’k yn de delling,
dy’t fol mei deade bonken lei.
De Heare frege my: ‘Wat tinkt dy,
kinne se wol wer ta libben komme?’
Ik sei: ‘Dat witte Jo allinne.’
De Heare joech syn wurd oan my:
‘De moatst de bonken libben meitsje,
witst as profeet de goede wei.’
Doe profetearre ik wat my
sein wie, it rûze yn de delling
fan libben: bonken rekken yn
beweging, dêrnei kaam der fleis op,
’t fel seach ik oer alles hinne kommen,
mar soe it sûnder siken kinne?
De Heare joech syn wurd oan my:
‘Sprek oan de Geast út fjouwer streken
wei, dy blaast elk lyk de siken yn.’
Doe profetearre ik wat my
sein wie, it rûze fan de siken,
in machtich leger gie op wei,
it wie it folk fan Israel dat
út it grêf ferrizen wie, it libben
soe troch Gods Geast oan wearde winne.
* Yllustraasje ‘Delling mei bonken’
* Gustave Doré (1832-1883)
Yllustraasje ‘Bonken komme ta libben’