Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Grot mei in gouden hert

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

It hat wat fan in oerwâld
sa’t it ljocht falt yn de grot
mei tûken boppe ’t wetter,
brûzend by it stiente del…
Kimitsu wit wol better.

Kimitsu as de stêd mei
’t park dat pronket mei de grot,
lit de toeristen witte:
’t ljocht skynt mei in gouden hert,
om nea wer te ferjitten.

De grot is eartiids makke
om it rysfjild te foarsjen
fan wetter út ’e hichte;
’t komt der hjoed de dei op del:
it hert wurdt gâns ferlichte.

* Foto ‘Kameiwa-grot yn Kimitsu, Japan’ 


admin

Nei wurden fiskje

Keunst

fan Winslow Homer*

As fisker prate hy tsjin fisken,
mar dy seine neat werom,
hoewol’t de bekken iepen stiene,
bleauwen dizze bisten stom.

De trije maten wiene praters
op it lân, soms op it strân,
dêr’t skonken altyd stevich steane,
dêrom bleau har styl yn stân.

De fisker hie genôch fan ’t fiskjen,
hise beide, seil en fok,
hy hie lykwols mar ien pear hannen,
’t wie foar ien man fierste drok.

Seis skonken, likefolle hannen
kamen doe by him oan board,
de maten koene rêstich sitte,
ien hold fêst de fokkeskoat.

De wolken, wyn en hege weagen
lieten harren net mei rêst,
sy waarden stil en moasten hingje,
kreakjend prate doe de mêst.

De fisker, wend oan wyn en weagen,
seach it oan, hold him net stom,
hy prate lykas tsjin de fisken,
mar hy kriich gjin wurd werom.

* Winslow Homer (1826-1910)
Skilderij ‘Oanheljende wyn’ 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum