oktober 7, 2021
fan Jan Mandijn *
Hy hong al jierren oan de muorre,
de man dy’t by de rûne tafel siet,
de finger roppend yn de hichte:
‘It hat no lang genôch al duorre,
mar foar’t dit nei de bliksem giet,
warskôgje ’k foar de lêste kear!’
De lange tafel syn klandyzje
fermakke him earst ta de teannen út,
mar ’t feest rûn stadich oer de hichte;
de kannen binne net te hysjen
fan leechte, foar’t de baas dit slút,
krijt elkenien noch ien diskear.
Dus strykt de ien de oar oer ’t skouder
en aait de oar de ien oer ’t bleate fel
oant driften rize nei de hichte
rap by de treppen op, de souder
hat plak genôch, elk jout him del…
de baas slút beide eagen… klear!
* Jan Mandijn (sirka 1500-1559)
Skilderij ‘Herberchsêne’
oktober 6, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Jim nammen tsjûgje fan in folk
dat swart by God de Heare,
mar net earlik en oprjocht;
as boargers fan Jeruzalem,
ha jim dy stêd as hillich eare.
Fan âlds wie Ik foar jim de tolk
dy’t spriek oer wat der barre
soe, Ik die it, wie oprjocht,
dat jim net sizze soene: ‘Sjoch,
myn ôfgod koe him danich warre.’
Mar foar de dei fan hjoed hast neat
fernommen fan wat skepen
is, want do wiest spikerhurd,
fan izer wie dyn nekke,
neat hasto fan myn dwaan begrepen.
Fan koper wie dyn brein, dat neat
opsloech fan myn berjochten
oer wat ik ferrjochte hie;
yn ’t fjoer fan de ellinde
bist suvere, mei gloed ferljochte.
* Yllustraasje ‘Fjoer’