Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Yp-pandemy

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Elk organisme kin se krije,
sykten dy’t him nei it libben stean,
beheind earst ta epidemy,
mar oer de grinzen hinne
is der sprake fan in pandemy.

Ek beammen ha dêrfan te lijen:
yn ’t ferline yn ús lân de yp,
beheind earst ta epidemy,
mar doe’t de kever reizgje
woe, spriek hy: ‘It wurdt in pandemy.’

De kever reizge mei in skimmel
op en liet dy op ’e ipen los,
gjin hâlden wie der doe mear oan,
’t gie oer de grinzen hinne,
withoefolle ipen binne stoarn.

Gjin kever stiet bekend as himmel,
komt dus fan syn skimmelmaat net ôf,
sa kaam der wer in pandemy,
doe folge nije oanplant,
wat brocht by de ipen eufory.

* Foto ‘Ypsykte’
** Foto ‘Ipen’

admin

Beneamd as tsjinstfeint

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

De Heare hat syn tsjinstfeint roppen
fan de memmeskurte ôf,
noch foar’t mem my te wrâld brocht,
hat Hy myn namme neamd.

De Heare hold my earst ferburgen
yn syn hân, ik siet yn ’t skaad
foardat Hy my yn ’t ljocht brocht,
’k waard as syn feint beneamd.

Hy hat myn tonge flymskerp makke
as in swurd dat dûbel snijt,
ik waard in pylk dy’t stekke
koe djipper noch as ’t swurd.

It like om ’e nocht, myn skreppen,
mar de Hear stie foar myn rjocht,
’t soe my oan neat ûntbrekke,
God hold Him oan syn wurd.

De Hear liet My doe ek noch witte
dat net inkeld ’t eigen folk
it heil sjen sil, it ljocht giet
op foar de hiele wrâld.

* Yllustraasje ‘Fan de memmeskurte ôf’
 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum