Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Moed foar de tsjinstfeint

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

De Heare hat my harkjen leard
om syn wurden oan te hearren,
de Heare hat my sprekken leard
om de wurge krêft te jaan,
dan kin er moedich fierder.

Wa’t sloegen, ha ’k de rêch takeard,
’t wang wa’t my it hier útloeken,
ik seach har rjocht yn it gesicht,
elk kriich kâns foar spot en spui,
mar ’k waard net set te skande.

Wa’t tsjin myn dwaan en litten beart,
’k lit syn grime rêstich komme,
dan mar tegearre foar it rjocht;
God, myn Hear, komt my te help,
dan kin ik moedich fierder.

* Foto ‘Underweis’

admin

Tarpeia

Mytebylden

fan ûnbekend*

Romeinen en Sabinen
koene elkoars bloed wol drinke,
striden waard der om it Kapitool
mei wapens en geskinken.

Tarpeia wie de dochter
fan ien fan de trouwe wachten,
seach de fijân mei in gouden bân,
dy’t sy noch heger achte…

… as trou oan de Romeinen,
dy’t har wetter helje lieten
foar de offertsjinst by ’t Kapitool,
dêr’t ek Sabinen sieten…

… mei om de earmen bannen
dy’t har yn de mjitte blonken,
foar Tarpeia ’t goud yn ruil foar ’t paad
nei ’t Kapitool… sa dronk…

… de fijân fan har wetter,
wûn de slach fan de Romeinen,
sloech Tarpeia dea foar har ferrie…
’t nijs rûn oer Romes pleinen.

* Yllustraasje ‘Tarpeia ferplettere troch
de skylden fan de Sabinen’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum