november 11, 2021
fan Albrecht Dürer*
It binne bleate fuotten,
want sa komt de tsjinstfeint
nei syn Hear,
op knibbels sprekt er him frijút:
‘Myn bêst ha ’k dien… bin ik no klear?’
Hy hat der net om lotte,
mar waard ier al roppen
troch syn Hear:
‘Foar My giesto de rjochting út
fan kom om ’t eigen bêstwil gear.’
Se ha him earst bespotte
om syn bleate fuotten,
wat die sear,
mar ’t eigen bêstwil, ta beslút,
lei yn ’t ferlingde fan de Hear.
Op syn bleate fuotten
en mei bûgde holle
jout er ear
oan God, hy sprekt it dúdlik út:
‘It gie ek om myn bêstwil, Hear.’
* Albrecht Dürer (1471-1528)
Stúdzje ‘Fuotten fan in knibbeljende apostel’
Stúdzje ‘Holle fan in apostel’
november 10, 2021
fan ûnbekend
Jesaja
Ik wit it, ja Ik wit it, want Ik sjoch
datst no noch yn de boeiens sitst
fan him dy’t dy derûnder hâldt,
Ik wit datsto net better witst.
Ik freegje dy wêrom bisto no bang
foar him dy’t ommers stjerre sil,
in minske dy’t ferwilet as
it gers, in ein komt oan syn wil.
Bisto fergetten wa’t dy makke hat,
de himel spande Ik earst út
en lei de fûneminten fan
de ierde neffens myn beslút.
Ik bin it, ja Ik bin it dy’t dy treast,
dy’t ek de weagen brûzje lit,
sa ha ’k myn brûzjend Wurd dy jûn,
do witst dat Ik dy nea ferjit.
Yllustraasje ‘Weagen’