Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Reagen fan ûnrjocht

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

Nee, de earmen fan de Heare
binne net te koart,
dêrmei wol Hy jim rêde;
syn earen binne net te staf
om nei jim noed te hearren,
mar wat is der bard?

Ja, jim ûngerjochtichheden
soargen foar in daam
dy’t Gods leafde kearde;
de hannen sitte ûnder ’t bloed,
 fan ûnrjocht drippe fingers,
skuld treft feint en faam.

Oer jim lippen komme leagens,
wylst de tonge al
beweecht foar falske wurden;
jim briede aaien fan de slang
út, dêrút komme njirren,
krûpend nei har hol.

Lykas spinnen dogge, weve
jimme reagen, mar
dêr kinst gjin klean fan meitsje;
jim weven is dus ûnheilswurk,
jim plannen tsjûgje dêr ek
fan, wyld yn de war.

* Foto ‘Spinreach’

admin

Theseus

Mytebylden

fan ûnbekend*

Theseus,
gjin keardel hat safolle,
lykwols net genôch belibbe,
wist net dat syn ierdske heit
de kening fan Athene wie…
der waard ek sein, oan god Poseidon
fielde hy him sterk besibbe.

Theseus
kriich ier al yn de holle|
foar gjinien benaud te wêzen,
foar held Herakles ek net;
as jonkje makke hy him ree
om ’t liuwefel fûl oan te fallen,
fielde oan ’t fijanlik wêzen.

Theseus,
de fjochter tsjin de bolle
dy’t it gea ferrinnewearre
om ’t ferneamde Maraton,
dêr’t earder ek al fochten wie;
hy wûn it fan de goare bolle,
dat syn krêft waard heech wurdearre.

Theseus,
wa soe safolle wolle?
Sels de striid tsjin Minotauros,
minske mei in bollekop,
waard wûn yn Kreta’s labyrint;
Athena’s bern hat hy sa rêden…
Minotauros deade gauris.

Theseus,
de rêder fan Athene,
koe syn libben sels net rêde,
fan in rots kaam hy yn see,
as keardel wie hy dêrta ree.

Yllustraasje ‘Theseus en Minotauros’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum