januari 16, 2022
fan ûnbekend*
fan Diego Rivera**
Rockefeller wie it foarbyld
fan hiel ’t Amerikaanske folk,
dus stie hy yn it sintrum,
moast mear folk om him hinne ha
as inkeld út Amearika.
Diego mocht de minsken bringe
út alle parten fan de wrâld
nei ’t sintrum op ’e muorre,
in kleurich selskip fan komsa
ta eare fan Amearika.
Lenin lykwols wie gjin foarbyld,
in mislediging foar ’t folk
yn ’t sintrum fan de ierde,
dus gie it op fernieling ta
yn opdracht fan Amearika.
* Foto ‘Diego Rivera’
** Muorreskildering op Rockefeller Centre’
januari 15, 2022
fan ûnbekend*
Jesaja
De Geast fan God is oer my kommen
as profeet dy’t troch Him salve is,
Hy stjoert my út mei ’t blide boadskip
foar fersleinen mei in brutsen hert
en om ûnfrijen te ferlossen,
fan treast ha treurjenden ferlet,
de krânse moat yn plak fan jiske komme.
It folk, gelyk oan sterke iken,
sil no plante wurde troch de Hear,
wat withoelang ferrinnewearre
lei, komt wer oerein, in nije bou,
wylst frjemden noed stean foar de keppels
en binne yn de wyngerds trou
oan ’t wurk, tenei heart Gods folk ta de riken.
Myn folk moast ûnder skande lije,
dat it krijt it dûbelop werom
op grûn fan in ferbûn dat ivich
is, it hat fan My in earlik lean;
ferneamd is ’t neiteam ûnder folken,
dy’t mei iepen mûle stean
te sjen nei minsken dy’t de seine krije.
* Foto ‘Wei mei ikebeammen’