januari 20, 2022
fan Frans van Mieris*
Twa hannen mei ferskil yn rjochting,
de iene dy’t in ear beet hat,
de oare dy’t de narder wart…
wat hat dat te betsjutten?
Mar hat de man wol de bedoeling
de hûn te pakken by it ear?
It docht allinnich ’t froutsje sear,
sy kin it dûbel tsjutte.
Do moatst net oan myn hûntsje sitte,
bliuw mei dyn fingers fan him ôf,
bring net myn skatsjes yn it nau,
hy lit it blaffend witte.
Ik ha mei dy gjin snars te krijen,
mei ús ferkearing bin ik klear,
dus lûk myn hûntsje net oan ’t ear,
tenei sil hy dy mije.
* Frans van Mieris (1635-1681)
Skilderij ‘Hûntsje pleagje’
januari 19, 2022
fan ûnbekend*
Jesaja
Ik hâld my as profeet net stil
oant Sion ta syn rjocht komt,
oant syn heil as fakkel brânt
en keningen syn gloarje sjogge,
nee, ik swij net oer Gods wil.
Do wurdst in fonkeljende kroan,
in tulbân yn de hân fan
God, dus keninklik fan foarm,
do krijst fan Him in nije namme,
ja, as wiest tenei syn soan.
Lykas in feint trout mei in faam,
sa trout mei dy de Heare,
want sa wiis is Hy mei dy;
op Sions muorren steane wachters,
dat Gods stêd is wer foarnaam.
Gjin fijân yt wer fan dyn nôt,
nea wurdt dyn druvesop wer
dronken troch wa’t binne frjemd
foar dy, dêr hasto swier foar bodde,
rispje silsto mannichfâld.
Gean troch de poarten en op wei,
wol romje ûnderweis de
stiennen op, de Helper komt
mei lean dat Hy syn folk betellet,
syn fertsjinste is dêrnei.
Foto ‘Fakkel’