februari 3, 2022
fan Peter Paul Rubens*
fan Antoon van Dyck**
Se sizze ik ha de pretinsje
út te stekken boppe ’t folk,
se neame my in Grand Seigneur,
mar kom ik oer mei fleur yn kleur?
Ik mei der wêze as de skilder
dy’t foar pommeranten tolk
is, mar ik fyn dêr is neat mis
mei, ’t is no ienkear sa’t it is,
Tink net dat it my ûnferskillich
is hoe’t ik nei foaren kom,
ik bin no ienkear sa’t ik bin:
in bears mei noch in ekstra fin.
Dat witte ek kollega-skilders,
Antoon draacht by oan myn rom,
hy sette my op it portret:
sa is ’t… de hân ha ’k op it hert.
* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘Selsportret’
* Antoon van Dyck (1599-1641)
Skilderij ‘Portret fan Peter Paul Rubens’
februari 2, 2022
fan ûnbekend*
Jesaja
Myn beide hannen stiek Ik út
nei folk dat goade-offers brocht,
en socht yn grêven nei de geasten,
mar ’t wie om ’e nocht.
Dat folk tocht dat it hillich wie
en rôp My ta: ‘Bliuw by ús wei,
wy wolle net oanrekke wurde!’
Mar Ik sjoch har nei.
It rekket fan de straf net ôf,
mei dát folk rekkenje Ik ôf,
it krijt it lean finaal taparte,
’t komt gau yn it nau.
Myn tsjinners binne as in tros
mei druven dêr’t noch sop yn sit,
dus sil Ik harren net fergrieme,
dat is myn ûnthjit.
Yllustraasje ‘Tros druven’