Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Om de timpel hinne

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

Op in dei, noch yn de ballingskip,
lei God de hân op my en brocht
my nei it heitelân werom,
ik kaam telâne op in berch,
it like as wie op ’e súdkant
boud in stêd yn ’t kleare ljocht.

Op ’e helling seach ’k in man fan brûns,
hy hie in boppe-ierdske glâns…
kaam wat ea west hie ek werom?
Ik waard in koarde yn syn hân
gewaar, in roede om te mjitten…
brocht er mjitten yn balâns?

‘Minskesoan,’ sa spriek hy my doe oan,
‘do moatst goed út dyn eagen sjen
en harkje nei wat klinke sil,
want dêrfoar bist hjirhinne brocht,
lit dêrnei Israel dat witte,
wat ferlern gie, kinst al sjen.’

Op dyselde dei naam hy my mei
en brocht my nei in timpel ta,
in muorre rûn dêr hielendal
omhinne, binnenyn seach ik
in hôf, dat hy begûn te mjitten,
mei de poarte gie ’t ek sa.

Hôf en poarte, binnen, bûten, sa
meat hy de hiele timpel op,
wylst hy de mjitten lûdop sei,
ik moast goed út ’e eagen sjen
en beide earen iepenhâlde…
hold it mjitten dan nea op?   

Doe moast ik de binnenkant besjen,
oplutsen wie it dêr mei hout,
figueren krige ik yn sicht:
palmbeammen, ingels yn it rûn,
in tafel foar it Allerhillichst…
waard Gods gloarje sa wer boud?

Keamers fan de prysters waarden ek
opmetten, tichtby dêr’t de Hear
ferbleau, sy brochten jeften mei
en offeren yn harren dracht
dy’t út moast nei’t sy ’t wurk dien hiene…
mar dêrmei wie ik net klear.

Oer bleau noch it mjitten fan ’t terrein
dat om de timpel hinne rûn,
fan noard nei súd, fan west nei east,
dat plak wie foar it folk bedoeld,
net hillich waar fan hillich skieden,
sa hat God wer romte jûn.

Nei de easterpoarte waard ik brocht,
Gods gloarje kaam dêr ljochtsjend wei
mei ’t razen fan in wetterfloed;
in wynpûst naam my op en mei
de timpel yn nei wêr’t Gods gloarje
wie, it plak fan ommeswaai.

’t Offeralter dêr’t de brân op kaam,
waard ek opmetten, likegoed
as timpel, foarhôf en terrein,
doe hearde ik wer: ’Minskesoan,
ik jou dy foar dit alter regels
dy’t te krijen ha mei bloed.’

Interbolle, geitebok en raam,
sân dagen lang in geve bok,
troch prysters op it alter brocht,
dat hearde by de nije tiid
en op ’e achtste dei de offers
fan it folk… foargoed it lok.

Doe’t de easterpoarte kaam yn sicht,
wie ik ferheard, want dy siet ticht,
gjin minske mocht dêr yn of út,
want God wie troch dy poarte gien,
de foarst mocht dêr syn miel opite,
sittend wie dat him tastien.

Nei de noarderpoarte waard ik brocht,
Gods gloarje kaam hjir foar it ljocht,
dêr’t hiel de timpel fol fan waard,
ik foel mei it gesicht foaroer
en harke nei de timpelregels,
sa joech God oan de minsken stjoer.

Regels waarden foar de timpeltsjinst
net holden, frjemden ha it hûs
fan God ûntwijd, yn opdracht brocht
dat folk de offers, fet en bloed,
it wiene skandlike praktiken,
dêrtroch kaam Gods folk yn noed.

Inkeld prysters mochten tsjinje yn
de timpel, want sy wiene trou
doe’t Israel it sitte liet;
sy ha gjin rjocht op erfdiel of
besit, God sels is harren erfdiel,
dat sy diele yn syn lof. 

Elkenien krijt fan it lân syn diel,
it sintrum is it hillichdom
mei dêryn ’t Allerhillichste;
de prysters en Leviten ha
it rjocht om dêr tichtby te wenjen,
’t folk komt ek syn erfdiel ta.

Foarsten twongen ’t folk syn erfdiel ôf
en stielen ek noch syn besit,
want suver wie it mjitten net;
jou foarsten lykwols ek har diel,
sy bringe oan de Heare offers…
foarst en folk as ien gehiel.

Offers bringe hat folslein gjin doel
as ’t hillichdom net suver is,
dus nim in bolle fan ien jier
en stryk op styl en hoeke bloed,
doch dat twa dagen fan de earste
moanne… fier de feesten goed.

Peaskefeest, ûnsuorre is it brea
dat op sân dagen iten wurdt,
de foarst nimt dan in bolle, ek
in raam en bok foar elke dei,
mei ienentweintich sûnde-offers
bringt er hiel it folk op wei.

Poarten binne der om troch te gean,
de poarte op it easten foar
de foarst, dy’t op ’e drompel bûcht
wylst prysters foar him offerje,
it folk giet troch de noarderpoarte,
ek de suder is in opsje.

Prysters siede al it offerfleis
apart, in romte achteroan
is hillich, skieden fan it folk,
dat bûten op it foarhôf bliuwt
by ’t sieden yn de fjouwer hoeken,
offerfleis dêr’t God fan priuwt.

Ut ’e timpel streamde in rivier,
dy’t hielendal nei ’t easten rûn,
ik koe der inkeld swimmend oer;
de man fan brûns holp my derút
en wiisde fan de timpel nei it
easten, net nei noard of súd.

De rivier rûn nei de Deade See,
sadat it sâlte wetter farsk
waard en dêr folop libben wie;
de beammen oan wjerskanten fan
it wetter joegen alle moannen
fruchten, hillich wie dat plan.

Fan it noarden nei it suden, fan
it westen nei it easten is
it lân myn folk as erfdiel jûn,
sa hat de Heare earder sward,
foarâlden hawwe dêrfan witten,
sûnt dy tiid is hiel wat bard.

Elke stam krijt fan dat lân syn part,
ferjit dan ek de frjemdling net
dy’t tahâldt ûnder ’t eigen folk;
fan noard nei súd, fan west nei east
krijt elke stam in feilich wenplak,
hielendal yn foarfaars geast.

Tolve poarten krijt de nije stêd
mei nammen fan de stammen: noard
fan Ruben, Juda, Levy, east
fan Joazef, Benjamin en Dan,
súd dy fan Issaskar en ek fan
Simeön en Sebûlon,
west dy fan Aser, Gad en Naftaly.

* Yllustraasje ‘Timpel fan Jeruzalem’

PS
Wannear sprekt de Palestynske Ezechiël?

admin

Mearkleurich

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Sjoch Petty Harbour feilich lizzen
ûnder hichten grien fan hoop
op telefyzjestjerren,
bringend bylden oer de wrâld,
mei wurden is it min te sizzen.

Earst wie ’t in skûlplak foar piraten,
útfalbasis read fan bloed
dat sy foar eagen hiene
as sy makken seelju kâld,
mei har foel dan net mear te praten.

Sjoch Petty Harbour mei toeristen
by de stream lâns, spegeljend
de blauwe loft mei wolken;
Petty Harbour-Maddox Cove
foar kristenen en ateïsten.

Foto ‘Petty Harbour-Maddox Cove’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum