juli 7, 2022
fan Andreas Schelfhout*
Al is de sinne ûndergien
en stean de wjukken oeren stil,
de winter nûget ek by nacht,
wat party minsken goeddwaan sil.
De ponge oan de broeksriem fêst,
de redens ûnder, rap al dien…
gjin baan dertroch, dus jou goed acht
op skuorren… hast de hint ferstien?
Te gek om alles te ferstean
by nacht, de mûtse keart it lûd,
behalve ’t skrassen fan it iis,
dat sjongt en jout de boarger moed.
Sjedêr, myn ingeltsje by nacht,
dat diske stiet ús yn it paad,
dus set dy skrep, oars is ’t in griis,
want redens ha by ’t rêsten baat.
Wol deale, ’k lis hjir op ’e bealch,
in skuor, seist, dat dy hjir krekt is,
myn ponge hat in bonkbrek keard,
mar fuort is ’t jild, rêst rinst no mis.
* Andreas Schelfhout (1787-1870)
Skilderij ‘Winterlânskip by nacht’
juli 6, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
As profeet moat ik wol sizze
wat de Hear te sizzen hat,
in godsspraak kin ik net omhinne,
ik jou troch wat wearde hat.
Eigenwiis mei net de wize
wêze, want dy wiisheid is
omdoch, hy kin mei wiisheid winne
wat de wiere leafde is.
As de sterke grut giet op syn
krêft, dan komt er swakker oer
as minsken dy’t beskieden binne,
want it swetsen is har oer.
Riken dy’t har foarstean op har
rykdom, ha in leech bestean;
omdat sy ’t jild net misse kinne,
bliuwt har hert dêr stil by stean.
Wol men earne grut op wêze,
dan op ’t kennen fan de Hear,
syn trou en leafde sille ’t winne,
grutspraak is der dan net mear.
Yllustraasje ‘Grutspraak’