juli 11, 2022
Lykas in bear sa sterk
docht hy him yn de maitiid foar,
syn klauwen stekt er út
om ’t minskdom te bedriigjen
mei stekken troch de tinne hûd
en is syn opset slagge,
dan bliuwt achter syn fergiftich spoar.
Grutsk stekt er op de kop,
dêr is er ek de sterkste foar,
gjin wêzen komt syn bloei
benei, hy lit dy stiigje
om sjen te litten hoe’t fan foet
oant kop syn opset slagge
is: net lytser wêze as in oar.
Sjedêr gjin kop is mear
te sjen, syn klauwen binne goar,
dy stekt er net wer út
om ’t minskdom te bedriigjen,
mar is syn dea dan wol foargoed
of slagget hy deryn om
nei te litten foar syn bern in spoar?
* Foto ‘Beareklauwen yn bloei’
** Foto ‘Beareklauwen sûnder kop’
juli 10, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
As tredde kening fan de Belgen
makke hy fan alles mei,
syn keningskip kaam ûnferwachts,
wat oan de dea fan heit en bruorren lei.
As foarst bleau hy by syn soldaten;
oan it front seach hy de dea
wreed waarjend oer it slachfjild nacht
en dei, hy sloech massaler ta as ea.
Hy kriich de ear fan kening-ridder,
by it front in monumint,
sa hold de Belch syn kening heech
en stiet er altyd noch as held bekend.
Hysels socht yn syn lân de hichten
op, op eigen manneboet
klom hy noch heger as it koe,
de fraach wie griep er mis of glied de foet.
Ferhalen waren yn de lichte,
fan komplot gie ’t nei komplot;
in hynder hold de kening heech,
mar ’t folk siet yn de djipte om syn lot.
* Foto ‘Kening Albert I’
** Byld ‘Kening Albert I’