juli 17, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Wat is gewoaner as in miel
dat elke dei op tafel stiet
en soarget foar in folle mage,
jout oan ’t lichem enerzjy,
sa komt men troch de dagen.
In oarloch is útsûnderlik;
behalve dat geweld it wint
fan rêstich deljaan troch de dagen
hinne, spilet honger ek
faak op, rop fan de mage.
De honger hold dy winter oan,
besetting liet gjin bôle troch,
sadat de dea troch Hollân ware;
mei de kjeld sleat dy in deal,
men rûn sa twa gefaren.
De honger wreidet him hjoed út
troch oarloch yn it lân fan nôt,
dat net berikt de hjitte lannen,
dêr’t ferskroeit wat siedde wurdt,
de dea past oan syn plannen.
* Foto ‘Hongerwinter 1944/1945’
** Foto ‘Honger troch drûchte’
juli 16, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Ik kriich de opdracht fan de Hear
om Israels ferline te ferbinen
mei de situaasje fan de dei
fan hjoed, it koe gjin sprekken lije:
beide giene yn tsjin it ferbûn,
it hie mei har ferhurde hert te krijen.
De Hear skreau dat ferbûn al foar
doe’t Hy it folk befrijde út Egypte,
op it hert syn wize wurden lei;
dêrnei soe Hy har fierder fiere
nei it lân dat harren tasein wie,
it lân fan oerfloed troch de Hear, de wiere.
Ik kriich de opdracht fan de Hear
it hiele folk it oardiel oan te sizzen,
om’t it rûn by Gods geboaden wei;
it kin de ramp net mear ûntrinne
dy’t oer al syn stêden hinne komt,
omdat der likefolle goaden binne.
En do, profeet, bid net mear foar
dit folk en kom net by My oan mei noch in
smeekbea, ek foar dy is der gjin kar.
* Ikoan ‘Jeremia’