juli 21, 2022
fan Antonie Waldorp*
fan Wijnand Nuijen**
Alhiel opnommen troch de beammen,
libbet er it wêzen mei
fan steile stam, bewegend blêd
en dêr de tûken tuskenyn,
hiel oars as yn de stêd.
Syn rêch wurdt troch de stammen rjochter,
hân en foet beweecht er mei
de blêden, ek de earm en skonk
as tûken op ’e hurde wyn,
it bosk wurdt sa syn honk.
No nimt er op pinseel en ferve,
want it bosk is him fertroud,
de beam fertelt him oer de tint
fan tûke, steile stam en blêd,
hy krijt fan ’t bosk in hint:
Ut alle dielen komt myn wêzen
foar it ljocht, wat gearhing jout
op doek, grif hast dat al fernommen.
* Antonie Waldorp (1803-1866)
Skilderij ‘Nuijen skilderjend yn it bosk’
** Wijnand Nuijen (1813-1839)
Skilderij ‘It bosk’
juli 20, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Ik hie dy leaf, myn Israel,
en ek it folk fan Juda,
want jim wiene in olivebeam
mei griene blêden, goede frucht,
sa ha ’k jim yn ’t ferline neamd.
No binne jim net mear yn tel,
dus ha jim neat te meitsjen
yn myn hûs fanwege ’t âlde kwea;
de offers oan de ôfgod brocht,
betsjutte foar de beam de dea.
De fruchtbeam komt yn flammen del,
ferbrânt mei lûd geknetter,
fan de griene blêden bliuwt neat oer,
de fruchten wurde swart as roet…
myn grime is in lôgjend fjoer.
Yllustraasje ‘Olivebeam’