juli 29, 2022
fan ûnbekend*
Wat Korsika te bieden hie,
wie keizerlik: Napoleon,
dy’t op dit eilân berne waard,
hy groeide út ta hurde rots,
lykas ‘Calanque de Piana’ wie.
Wat Korsika te bieden hat,
is manjefyk: in rûge kust,
‘Calanque de Piana ‘ as
traktaasje foar wa’t skôgje wol
wat troch de iuwen hinne bliuwe moat.
Wêr’t Korsika oan tinken docht,
is keizerlik en manjefyk:
de macht en tagelyk de krêft
dy’t útgiet fan ravyn en rots,
sa komt it eilân dûbel yn it ljocht.
Foto ‘Calanque de Piana’
juli 28, 2022
fan Rembrandt*
Ferskil fan aard is sa te sjen:
nei foaren fleane as de krie
of as de reiddomp achterôf
stean, kamûflearre tusken ’t reid,
de lêste komt dan oer as skou.
Dochs giet syn wêzen net ferlern
as hy as peal stiet yn it reid,
omdat er him domp hearre lit,
syn lûd rikt fier, bromt oer it gea,
fertelt dat hy fan wanten wit.
Fan wanten hat er gjin ferlet,
de wjukken hâlde him wol waarm,
behalve as er fongen wurdt,
dan rekket er troch Rembrandt dea,
de skilder mei it steile wurd:
‘Tegearre stean wy op ’t portret,
ik achterôf, mar yn ’t bestean
stean ik foaroan, grutsk op ’e keunst
fan ’t reitsjen: reiddomp en de mins…
dy keunst krijt men fan my as geunst.’
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Selsportret mei reiddomp’