Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Dûnsje

Keunst

fan Albrecht Dürer*

As dei nei dei ferglide,
’t wurk meislepe nei de ein,
dêr’t foar ’t gefoel gjin ein oan komt,
begjint de hertslach op te sprekken:
‘Kom, myn wiif, de klok hat slein,
wy sille mei itselde brekke.’

Sy sil ’t him net ûntstride,
lit har slepe troch syn hân,
dy’t har de fingers bloedleas knypt,
it bloed streamt troch de tsjokke skonken,
set har holle yn de brân:
‘Hee, gekke fint, sa wurd ik dronken!’

Mar hy en sy slaan stridend
’t paad yn nei har boerespul,
dêr’t sy de kat yn ’t tsjuster knypt
hat, dy’t dêr dûnse om har rokken,
wat hy sjocht as swiete kul:
‘Ik hâld him stokstiif yn de stokken.’

* Albrecht Dürer (1471-1528)
Gravuere ‘Dûnsjend boerepear’
Gravuere ‘De boer en syn frou’ 

admin

Bernemoardner

Lyrysk Deiboek

Ik stek de tomme hjoed net op,
kin better skuld bekenne
oan it fûgeltsje dat tomke hjit,
ferwitend klinkt har rop.

De rôle sette ik rjochtop,
sa koe dy better rôlje,
want ik wist fan tomke noch har nêst,
noch klinkt har skerpe rop.

Ik rôle ’t ding wat fierderop,
hie neat noch yn de gaten,
mar ynienen seach ’k it rûne gat,
doe hearde ik har rop.

It nêst hong nuver op ’e kop,
gjin aaike rôle fierder
as de râne, mar it tomke fleach
wol fuort, fier klonk har rop.

Ik lit my hjoed net bûten sjen
en rôlje ek net fierder,
want myn tomme seit it romke neat…
’k bin moardner fan har bern.

* Foto ‘De rôle’
** Foto ‘Nêst mei aaien’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum