augustus 6, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Ik moast in mulriem keapje fan de Hear,
dy daliks om my hinne dwaan,
it linnen mocht net fochtich wurde,
gau wie ’k dêrmei klear.
De Hear woe dat ’k op slach nei Pearat gie
om dêr de riem in plak te jaan,
ik moast him yn in spjalt ferstopje,
gau kaam ’k ta de die.
In skoft dêrnei moast ik dyselde wei
wer gean, ik kaam yn Pearat oan,
seach dat de riem alhiel fergien wie,
neat koe ik dêrmei.
Doe spriek de Hear my mei de útlis oan:
lykas de riem soe ’t Juda gean;
omdat it folk de riem net brûkt hie,
wie ’t ferbûn bedoarn.
* Foto ‘Linnen mulriem’
augustus 5, 2022
fan ûnbekend*
Wat stelt Taiwan eins foar
ferlike mei broer Sina?
It eilân telt net iens foar twa
en is ôfhinklik fan in oar.
De wolken komme oer,
feroarje yn in dize,
sadat de mar noch net te sjen
is… komt de sinne op ’en doer?
De skiednis jout beskie:
lang libje dêr de Tao’s
mei timpels dy’t noch takomst ha,
de goaden biede oan har rie:
‘De sinne jout de kâns
om yn de mar te swimmen
in wedstriid mei it karnaval,
de geast en ’t lichem yn balâns.’
De moanne brekt by nacht
ek troch… wat soe broer Sina
dan as Taiwan noch swimme kin,
it eilân hat it yn de macht.
* Foto ‘Boppe Sun Moon Lake’