Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Feroaring fan wyn

Skûtsjesilen 2022

De wyn bleau yn de moarn noch lizzen
as hie er jûns te krijen hân
mei folk dat fan gjin wiken wist
en hingjen bleau by bier en wyn,
hy gie de nacht yn koma yn.

De skûtsjes taasten nei in koeltsje
om krûpend oer de start te gean,
gjin skipper dy’t fan wiken wist,
de fjirtjin glieden ’t krúsrek yn
en dagen út de noardewyn.

De himel harke nei de skippers
en fierde grauwe wolken oan,
wat útlein waard as slimme list,
want út ’e slomme kaam de wyn
en jage ’t fjild it krúsrek yn.

De skûtsjes brûsden nei de finish,
de wyn bleau oant it lêst ta stean
en hat neat fan de spanning mist.

Foto ‘Start by Wâldsein’
Foto ‘De finish fan Langwar en It Hearrenfean’

admin

Pinguin-swimbad

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Hy hie genôch sicht op gebouwen,
dêrfoar wie er dan ek arsjitekt,
sa brocht er minsken ûnderdak
yn romten om har thús te fielen…
brocht er lykwols pinguins ek teplak?

Lubetkin hie net nei de poal west
om te fielen hoe’t de tastân wie
fan pinguins op it glêde iis
en hoe’t sy yn it wetter glieden,
mar de skeante makke him wol wiis.

Hy kriich genôch sicht om te bouwen
oan in glydsbaan mei de iene nei
de oare bocht, in kronkelpaad
nei ’t wiet om dwilich fan te wurden…
waggeljende pinguins nei har aard.

Sa liet Lubetkin pinguins rinne,
glide, swimme, dûke lykas op
de súdpoal yn har biotoop;
sy fielden harren thús yn Londen,
dêrom wie der gjin gefoel fan hoop.

* Foto ‘Berthold Romanovich Lubetkin’
** Foto ‘Swimbad foar pinguins yn Londen’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum