augustus 10, 2022
It wie de striid fan trije L’s:
De Lemmer, Ljouwert en Langwar,
De Lemmer op it eigen wetter
fan de Iselmar.
Foar Ljouwert jildt dit wetter ek
as eigen, want de stêd mist mar
en poel en keas foar ’t romme wetter
fan de Iselmar.
De Lemmer foer foar syn publyk
in wedstriid dy’t der wêze mocht,
mar foar in kampioen koe ’t better,
wat er moarn grif docht.
Foar Ljouwert en De Lemmer wie
gjin heechste ear, wol foar Langwar,
it koe net better op it wetter
fan de Iselmar.
* Foto ‘De trije L’s’
** Foto ‘De swan fan Langwar’
augustus 9, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Ik krige wer in min berjocht,
’t kaam fan de Hear, de God fan Israel,
dy’t spriek troch in gelikenis,
de werklikheid kaam oan it ljocht.
Wynkrûken binne foar de wyn,
dat sei de Hear, de God fan Israel,
it folk hie mei dit wurd de spot,
dêr gie de Hear doe fûl op yn.
De Hear die wyn yn elke krûk,
yn kening, pryster en profeet, mar ek
yn ’t folk fan hiel Jeruzalem,
se waarden dronken troch ’t gebrûk,
Doe sloech de Hear de krûken tsjin-
inoar, de stikken fleagen yn it rûn:
de heiten, mar ek harren bern…
dit nijs kaam op myn oer as min.
Foto ‘Wynkrûken’