november 12, 2022

fan ûnbekend*
Jeremia
‘De dreamen fan profeten
binne falsk, net nei myn wurd,’
sa seit de Hear,
‘troch sa’n optochte dream
ferjit it folk myn wiere lear.’
‘Dus pak Ik dy profeten
oan, want praat komt nei de dream,’
sa seit de Hear,
‘sy jouwe leagens út
foar dreamen, ’t folk ken my net mear.’
‘Gjinien kin him ferskûlje,
want Ik bin tichtby en fier,’
sa seit de Hear,
‘de hiele ierde nim
Ik yn, de himel sjongt myn ear.’
Yllustraasje ‘Ierde en himel’
november 11, 2022

fan ûnbekend*
Naranjo hat wat fan oranje,
kleur fan nasjonaal belang
fier boppe wiete polders út
en dat yn ’t drûge Spanje.
Naranjo wol oer oaren hearskje,
stekt derút al withoelang,
nimt oan de foarm fan sterk kastiel,
sil fan de klimmers easkje
dat sy in sterke wil besitte,
binne foar gjin steilte bang
en ha sy oan de hichte diel,
dan litte sy dat witte:
‘Wy binne spilers fan Oranje,
sitte op ’e earste rang,
ha ’t fan de berch Naranjo wûn
en hearskje oer hiel Spanje.’
* Foto ‘Narnjo de Bulnes’