Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Yn gruzleminten

Bibelbylden

fan James Tissot*
Jeremia

Ik kriich in opdracht fan de Heare:
‘Keapje no in pottebakkerskrûk
en lit in stik of wat fan ’t folk,
de âldsten en de prysters,
meigean nei de delling fan Ben-Hinnom,
wês as profeet myn tolk.’

Ik spriek dêr wurden fan de Heare:
‘Sjoch, Ik bring grut ûnheil oer dit stee,
it folk hat My de rêch takeard
en offers brocht oan goaden,
berntsjes opgean litten yn it fjoer,
it is in folk fan neat.
De fijân sil meikoarten komme
om de stêd en Juda del te slaan,
sadat de liken wurde foer
foar wylde bisten en foar
fûgels, alle minsken komme om,
gjin sterveling bliuwt oer.’

Ik sloech de krûk yn gruzleminten,
sa’t de Heare mei dit stee dwaan sil,
dan wurde huzen en ’t paleis
ûnrein en is ’t ek mei de
timpel oer, de stêd hat tiid noch doer…
’t wurdt neare nacht dy deis. 

* James Tissot (1836-1902)
Skilderij ‘Jeremia mei de krûk’

admin

Kastiel Marvao

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Wat wie de hearsker fan de flakte?
Net it doarpke mei it wyt
fan wenten en de smelle strjitten,
dêr’t de ienfâld hearsket fan de lju
dy’t fan gjin striid mear witte.

Wat wie de hearsker oer de skeante,
rinnend fan de flakte nei
de top, in skeante sûnder strjitte,
mar wol mei obstakels foar de lju
dy’t  klommen om te sjitten.

Wa wie de hearsker op it toppunt
fan it stribjen nei de macht,
dy’t fierder rikke moast as sljochte
wenten, as it koe oer hiel it gea:
de ridder mei syn rjochten.

Wa is de hearsker oer de hagen,
rjochte hoeken, labyrint
om út te kommen by it bloeien
fan de beammen, ’t is de túnman dy’t
de striid oangiet foar ’t groeien.

* Foto ‘Kastiel Marvao yn Alentejo, Portugal’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum