Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

The last trump

Polityk


In kromme op in keale tûke
braakt syn galle oer de wrâld,
in boadskip bitter foar it folk
dat him foar in diktator hâldt,
dy’t folgers sûnder kop wol brûke
kin, trompetters mei syn lûd
dat skrynt as dûbel bitter-sâlt,
syn stank is oeral al te rûken. 

admin

Net om oan te sjen

Keunst

fan Andy Warhol*

Lit de keninginnen hingje
om’t sy foar de frede stean
en oan it folk it oansjen jouwe,
boppedat fel kleur oan it bestean,
mar brekt de striid wat fêst siet los,
dan sil it har mei skea fergean.

* Andy Warhol (1928-1987)
Skilderijen fan fjouwer keninginnen

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum