november 20, 2022
fan Léon Frédéric*
Linkerpaniel
De kjeld loek harren troch de lea
as sapiens yn iere tiden,
mar better wisten sy doe net,
sy samlen wat te iten wie
en leine harren derby del
dat elkenien glied nei de dea.
Rjochterpaniel
In swan stiek noch de wjukken út
doe’t hjitte tiden letter kamen
oer bleate liven yn de mar,
dy’t samlen wat te krijen wie,
sy joegen har der mar by del
en kamen net ta in beslút.
Middenpaniel
Bern krigen noch in lêste kâns
en lieten lieders poerlilk witte
dat sy wol kamen ta in kar,
sy samlen alle CO2
en sprongen spattend op en del,
de beek brocht harren yn balâns.
* Léon Frédéric (1856-1940)
Trijepaniel ‘Gletsjer, mar en beek’
november 19, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Jeremia
As profeet kriich ik in fisioen:
twa kuorren mei twa soarten figen,
ripe dy’t goed smakken,
mar de oare figen wiene min,
de Hear hat de betsjutting jûn.
Ryp is ’t folk dat balling wurden wie
yn Babel, want it soe nei jierren
wer de frijheid smeitsje
yn it eigen lân, it hie wer sin
te witten wat de Heare die.
Min is ’t folk dat achterbleau yn ’t lân,
de kening en de hege hearen
binne net te iten;
oarloch, honger, pest is it ferrin
foar har, sa’n libben hâldt gjin stân.
* Foto ‘Ripe figen’
** Foto ‘Net te iten figen’