december 8, 2022
fan Rembrandt*
It lok rûn fleurich mei har op
by greiden fol mei blommen lâns,
dêr’t sy in pear fan plôke,
’t wie as yn it paradys:
it earste pear noch yn balâns.
Hy koe net sûnder har as frou,
want mei har beiden koene sy
oer ’t bloeien oeren prate,
yn it hôf fan Eden rûn
it pear der sûnder soargen by.
Fan greide gie it oer nei grot
mei dêrút rizend in skelet,
in seine om te meanen,
sân dat hieltyd flugger rûn,
it pear hie dêrfan gjin ferlet.
It kearde him fan ’t skouspul ôf
en hat de gong der ek yn set.
* Rembrandt (1606-1669)
Ets ‘It jonge pear en de dea’
december 7, 2022
fan James Tissot*
Jeremia
De prysters en profeten
rôpen lûd om Jeremia’s dea,
mar net de hege hearen
fan ’t paleis, sy harken earst
om dan dit lot te kearen.
De wurden dy’t earst klonken,
kamen rjocht út Jeremia’s hert:
‘Elk moat syn dwaan en litten
betterje, dan sil dit folk
wer nei syn namme hjitte.’
De âldsten lieten witte:
‘Micha en Oeria sprieken krekt
gelyk, dus hege hearen,
harkje net nei ’t lilke folk,
dat wol it lot net keare.’
De prysters en profeten
krigen fan de hearen net gelyk,
sy koene net mear stribje
nei de dea fan de profeet
fan God… lang sil er libje!
* James Tissot (1836-1902)
Skilderij ‘Jeremia’