juli 28, 2024
fan Rembrandt*
Daniël
Earst kaam Daniël oan ’t wurd
oer hoe’t de heit stiifsinnich
wie en grutsk yn ’t dwaan en litten,
dat hy doe ferstjitten waard,
de wylde ezel wie syn maat.
Belsjassar wie doe oan bar
dy’t drinke liet út bekers
út ’e timpel fan de Heare;
fan de goaden wie hy maat,
Gods hân fertelde oer syn aard:
Mené tekel ûfarsin:
in ein is makke oan jo
keninkryk, jo binne woegen
en foar God te licht befûn,
jo ryk wurdt oan de Perzen jûn.
Noch dy nacht stoar Belsjassar,
fermoarde waard er sûnder
kar om noch te dwaan of litten.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘It feestmiel fan Belsjassar’ (detail)
juli 27, 2024
fan Rembrandt*
Daniël
Belsjassar waard tige kjel,
want foar de muorre ljochten
fingers op, in hân dy’t wurden
skreau, in tekst dy’t net bekend
wie, tsjin de keninklike trend.
Belsjassar wie yn panyk,
liet Babels wizen roppe,
dy’t gjin eigen wurden hiene
foar de tekst, gjinien joech sels in hint,
de wurden bleauwen ûnbekend.
Oer de ûnbekende tekst
besleat de keninginne
rie te jaan: ‘Lit Daniël hjir
komme, oan it hof is hy bekend
en oan de dreamútlis wol wend.’
Daniël kaam doe op slach
foar Belsjassar, dy’t daliks
útlei wat te dwaan mei wurden
dy’t net pasten by de sfear,
dêrom oan Daniël de ear.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘It feestmiel fan Belsjassar’