januari 2, 2023
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Wat is leafde oars as hâlde fan
de man dy’t ek fan dy hâldt;
al is hy foarst fan Ingelân
en bist sels twa kear skieden,
de leafde bringt de bân ta stân.
Boppe alles giet de leafde út,
de foarst koe it net hâlde
by it keningskip fan Ingelân…
wa soe him dan ferbiede
te rikken nei har tredde hân?
Ek al wie de tsjerke resolút:
de âlde noarm behâlde
fan de skieding út gjin nije bân,
de foarst liet him net liede
troch wetten yn syn heitelân.
Wat wie leafde oars foar him
as fan syn Wallis hâlde,
ek al kost it him syn Ingelân,
himsels koe hy har biede,
dêr hat sy folle mear oan hân.
Foto ‘Wallis Simpson’
Foto ‘Edward VIII en Wallis Simpson’
januari 1, 2023
Syn tiid hat op ’e oergong west,
it âlde liet er fluitsjend achter him
en fjurrich spatte er yn ’t nije
útinoar, syn offer oan de takomst
kriich noch efkes stim.
Op strjitte fûn men noch de rest,
de jiske dy’t nei ’t sjitten achterbleau,
de stiennen moasten it belije,
foar de takomst rôpen sy om wetter…
om ’e nocht sa’n skreau.
Want wat noch klonk fan east nei west
en letter ek de hiele ierde oer,
wie wat de Feniks ea fertelde:
‘Wy as fûgels fleane út ’e jiske
wei, foar ús gjin toer.