januari 6, 2023
fan ûnbekend*
Sy kamen mei in lege holle
nei it mardistrikt yn Ingelân
om dêr in jier te bliuwen,
op it iepenst each en ear
om dêrnei ’t dichtsjend op te skriuwen.
Se seagen oer de kleare weagen
nei de heuvels oeral yn it rûn
en hegerop de bergen;
troch te klimmen wie wol klear
dat hichten hiel wat fan har fergen.
Mei swolgen dronk de geast fan ’t lânskip
oant de holle, ek it hert wie fol,
se kamen swier wer ûnder;
mei it dichtsjen rekke gear
wat sy beseagen as in wûnder.
Foto ‘Derwentwater’
januari 5, 2023
fan Cândido Portinari*
De skilder en de kofjesjouwer
tilden swier oan it bestean,
syn ferve hie as basis lead,
de sjouwer moast foar kofje gean.
Der wie ien dy’t allinnich wiisde,
wylst syn lûd klonk withoefier,
se hawwe him de rêch takeard,
oars waard foar him de earm te swier.
De sjouwers krigen tsjokke earmen,
mar gjin kofje en gjin skoft,
sy wiene yn syn eagen neat
oars as besit: de kofjekloft.
Der wie ien dy’t de swierte fêstlei,
’t weage foar him ek deryn,
syn ferve hie as basis lead,
hy dronk foar ’t lêst syn flesse wyn.
* Cândido Portinari (1903-1962)
Skilderij ‘Kofje’