januari 12, 2023
fan Colin Colahan*
Kin it kâlde easten tichter by
it wiete westen komme?
As de kjeld lûkt troch de wurge lea,
dan reitsje herten ek ferklomme.
Ut it easten wei komt tichterby
it folk fan wa’t de herten
sletten binne troch it eigen gea,
oanfretten troch de wapenwetten.
Ut it westen wei komt tichterby
de militêre weinen
yn kolonne nei it striidtoaniel
om ’t gea mei kûgels te bereinen.
Eachopslach fan east en eachopslach
fan west, in moeting sûnder
wurden, ’t giet net mear fan siel nei siel,
in oarloch leaut net yn in wûnder.
Hjir en dêr is grut ferskil yn slach:
ferbjustere en fjurrich,
elkenien hat oan de oarloch diel,
mar is it wol de muoite wurdich?
* Colin Colahan (1897-1987)
Skilderij ‘East moetet west’
januari 11, 2023
fan Theo van der Nahmer*
Jeremia
Yn Rama klinkt in lûde klacht,
sa lit de Heare witte,
want Rachel gûlt lûd om har bern,
wol har net treaste litte,
al har leafsten binne wei.
Hâld op en fei de eagen ôf,
sa lit de Heare witte,
want oan dyn lijen komt in ein,
Hy komt jim yn de mjitte,
hellet al jim bern werom.
Lûd klonk yn Efraïm in klacht,
sa lit de Heare witte,
it folk is yn de beage slein,
Hy soe it dêryn litte…
Efraïm keart lykwols om:
‘Ik kom ta ynkear, ha berou
oer ’t kwea yn jonge jierren,
wat sit my danich yn de wei.’
De Heare ropt fan fierren:
‘Efraïm, myn leave soan!’
* Theo van der Nahmer (1917-1989)
Plakette ‘Rachels klacht’