januari 20, 2023
fan ûnbekend*
It skaaimerk fan in hichte is
dat dy foar fariaasje soarget
yn it lânskip, grûn of see,
sadat de kym ferbrutsen wurdt…
ferbylding seit: ‘Der is neat mis.’
De rotsformaasje yn de see
ropt op it byld fan troch de iuwen
hinne hâldt oertsjûging stân,
is ’t net it leauwe dan it wurd,
foar marteling of dea sels ree.
De Costa Brava hjoed de dei
lit sjen in bûnte fariaasje
fan ferdivedaasje, grûn
of see, it jout net wat it wurdt…
de werklikheid wol: ‘Doch do mei!’
Sjedêr op grûn fan ’t leauwe stean
by Costa Brava noch de tsjerken,
lykjend op in rots yn see,
al jierren is dy romte leech…
de werklikheid lûkt hichten skean.
* Foto ‘Rotsformaasje by Costa Brava’
januari 19, 2023
fan Gustave Asselbergs*
Lit komme út ’e massamedia
de massa fan it witten
dat ferwurke wurde moat:
in middel tsjin ferjitten.
It felle giel fan de yntinse haat,
read bloed, massaal fergetten
foar it leave heitelân,
sa is op slach besletten.
It pears dat mongen is fan blau en read,
blau bloed dat stelt de wetten
fêst foar Jan, gewoan soldaat,
syn dea is gau fergetten.
Fiktoarje klaait har yn it felle wyt
dat streekrjocht rint op frede
út, wat alles yn him hat:
wei fan gefoel en rede.
Zelenski wiist nei ’t byld fan Churchill,
fan boargers en soldaten
yn it frije heitelân,
sa wurde lieders maten.
* Gustave Asselbergs (1938-1967)
Kollaazje ‘Fiktoarje’